Let op! NHL en Stenden gaan fuseren. Ga naar de Leraar Fries opleidingspagina op nhlstenden.com voor de juiste informatie.

Ynteressearre yn de stúdzje Learaar Frysk?

Do hast niget oan de Fryske taal en bist grutsk op it Frysk. As learaar Frysk nimst dyn learlingen mei nei de skiednis fan Fryslân en fertelst se oer de taal en kultuer. Fan tichtby makkest mei hoe’t dyn learlingen har ûntjouwe. Mar ek as dosint ûntwikkelest dysels en bliuwst op ‘e hichte fan wat ûnder jonge minsken libbet. Giet dit oer dy? Dan is de oplieding ta Learaar Frysk krekt wat foar dy.

Underfiningen fan studinten

Foardatst foar de stúdzje Learaar Frysk kiest, is it goed om te witten wat oare studinten fan de oplieding fine. Wêrom ha sy foar Learaar Frysk keazen? En is dizze stúdzje yndied sa moai as er liket? Yn ûndersteand filmke fertelle studinten hoe't sy dizze oplieding oan de NHL ûnderfine.

Meer ervaringen van studenten

Past de oplieding Learaar Frysk by dy?

Ast foar de hbû-oplieding Learaar Frysk kiest, dan kiesto foar in ôfwikseljend stúdzjeprogramma. Fakynhâldike kennis en sosjale feardichheden steane tidens dyn stúdzje sintraal.

De ideale studint Learaar Frysk beskikt oer de folgjende eigenskippen:

  • Sosjaal
  • Kommunikatyf
  • Passy foar taal en kultuer

Stúdzjekosten

As studint betellest elk jier kolleezjejild. Hoefolle kolleezjejild hinget ôf fan in tal faktoaren, lykas dyn nasjonaliteit en dyn al behelle diploma's yn it heger ûnderwiis. Yn de measte gefallen is it kolleezjejild sa'n € 2.000,- it jier. Mear ynformaasje oer it kolleezjejild fynst hjir.

Dêrneist moatst rekken hâlde mei kosten foar boeken en readers. Foar Learaar Frysk bedrage de oanfoljende kosten yn it earste jier likernôch € 350,-. Dat binne kosten foar ekskurzjes en in yntroduksjekamp.

Dêrom kiesto foar de stúdzje Learaar Frysk

De oplieding Learaar Frysk sprekt dy oan, mar do fregest dy faaks ôf wêrom ast no krekt dizze oplieding oan de NHL kieze moatst. Dêr binne ferskate redenen foar te betinken, mar wy diele graach de wichtichste mei dy:

  • Persoanlik kontakt
    De opliedingen binne lytsskalich. Der is in protte persoanlike oandacht foar dy as studint. By NHL Hogeschool witte dosinten wa ast bist. Harren doar stiet altiten foar dy iepen!
  • Ljouwert is in moaie stúdzjestêd
    Wêrom kieze foar Learaar Frysk yn Ljouwert? Mei goed tweintichtûzen studinten is Ljouwert in brûzende stúdzjestêd. Do fynst hjir betelbere keamers, gesellige kafees en restauranten mei studinteprizen en ferskate studinteferieningen. Koartsein: alle yngrediïnten foar in ûnferjitlike studintetiid binne oanwêzich!