Werk & Studie 12

Frysk Foech foar it primêr ûnderwiis

Delen via e-mail

It foech Frysk is it iennichste papierke dat formeel ferklearret dat jo feardich genôch binne om Frysk te jaan yn it basisûnderwiis. Wa't it op 'e pabo net helle hat, kin dizze kursus folgje

Perspektyf
Yn it basisûnderwiis yn Fryslân is it Frysk in ferplichte fak. Dêrnêst kin it Frysk ek as fiertaal brûkt wurde by oare lessen. De measte skoallen jouwe Frysk as fak, sa’n healoere oant in oere yn ‘e wike. De lêste jierren komme der hieltyd mear skoallen dy’t Frysk ek as fiertaal brûke by oare fakken. Dy skoallen hawwe bygelyks in Fryske middei of dei yn ‘e wike. Op de trijetalige basisskoallen wurde Frysk en Nederlânsk beide as fiertaal brûkt en komt der yn groep 7 en 8 it Ingelsk as fiertaal by. It sprekt foar himsels dat ek de leararen dy’t Frysk jouwe en brûke har goed rêde kinne moatte mei it Frysk. Yn dizze kursus wurdt jimme eigen taalfeardigens op nivo brocht, wurdt omtinken jûn oan de nijste Fryske berneboeken en learmiddels en wurdt yngien op de didaktyk fan meartalich ûnderwiis.

NHL.nlWerk en StudieStudiewijzer deeltijdFrysk Foech foar it primêr ûnderwiis