Learaar Frysk
Foar de klasse?
Bist gek mei bern? Jout it dy in goed gefoel om jonge minsken wat te learen? Bist kreatyf, út op it finen fan oplossingen én beskikst oer prima sosjale en kommunikative feardichheden? Dan is de learareoplieding krekt wat foar dy.
Coach
As learaar bringst dyn entûsjasme foar it fak graach oer op jonge minsken. In moderne dosint is in coach en mentor foar learlingen. Neist fakynhâldlike kennis moatst dêrom ek oer goede sosjale feardichheden beskikke. As learlingen problemen ha, dan bisto dyjinge by wa’t se oanklopje. Dus neist dosint bist ek opfieder en coach.
Keuzemooglikheden
Do kinst by NHL Hogeschool foar in grut part dyn eigen stúdzjepaad bepale en ferskillende minors kieze sadatst dyn fakkennis ferbreedzje of ferdjipje kinst.
Wat moat in dosint kinne?
By NHL Hogeschool learst rjochte op kompetinsje. Kompetinsjes binne kombinaasjes fan kennis, hâlding en feardichheden dy’t by in learaar hearre. As learaar hast in oantal kompetinsjes dêrst standert oan wurkest lykas:
- pedagogy
- fakdidaktyk
- organisearjen
- gearwurkjen
- refleksje en profesjonele ûntwikkeling