"Children like to imiteren, dat witte we all"
Studinten fiere it earste jier fan de trijetalige pabo
In jier lyn begûnen de hegeskoallen NHL en Stenden mei in mienskiplike trijetalige pabo. De fjirtjin studinten fan it earste jier litte op 30 jannewaris oan de nije earstejiers sjen dat se goed Frysk, Nederlânsk en Ingelsk prate. Se dogge dat yn de trijetalige sketsj "Fokje, it fairymearke". Studinten en dosinten sjogge tefreden werom op it earste jier. Se hoopje dat der dit jier ek wer in moaie groep talige studinten him oanmeldt foar it trijetalige paboprogramma. Jimke Nicolai, koördinator fan de trijetalige oplieding by Stenden: “Troch it entûsjasme fan de studinten hawwe wy besletten hielendal in ‘trijetalige’ Pabo yn Ljouwert te wurden.”
Yn 1997 begûnen fiif skoallen yn Fryslân hiel foarsichtich mei trijetalich ûnderwiis. De bern krigen les yn de talen Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Dy talen waarden net allinne as fak jûn, mar de bern krigen bygelyks biology yn it Frysk of gimmestyk yn it Ingelsk. It eksperimint foldie de learlingen, leararen en âlden goed en doe't yn 2005 bliken die dat de learlingen op alle fakken op of boppe it lanlike gemiddelde skoarden, waarden oare skoallen ek entûsjast. Begjin 2012 binne al fyftich Fryske basisskoallen trijetalich en kin men op trije plakken yn de provinsje sels trijetalich fuortset ûnderwiis folgje.
Wa't op in trijetalige skoalle wurkje wol, moat de trije fiertalen goed yn 'e fingers ha. Dêrom hawwe de hegeskoallen NHL en Stenden ferline jier mei stipe fan de provinsje Fryslân de trijetalige pabo opset. De studinten folgje dêryn foar in grut part it gewoane pabo-programma, mar se komme alle moandeitemoarns byinoar om mei harren trije talen te oefenjen. It earste healjier hienen se ekstra taallessen en it twadde healjier hawwe se Fryske rekkenopdrachten makke en diskusjearre mei saakkundigen op it mêd fan meartaligens. Licht is it net, want de studinten moatte in soad ekstra wurk dwaan en allinnich de bêste studinten wurde ta it trijetalige program talitten.
Henk Wolf, koördinator fan de trijetalige pabo by de NHL: "Us studinten dogge it geweldich goed. Lêsten wie der in stúdzjemoarn mei in Deenske sprekker en ik stie derfan te sjen hoe maklik oft se yn it Ingelsk mei dy man yn diskusje gongen. Boppedat is it hiel aardich om te sjen hoe't wy yn dit projekt mei de kristlike en de iepenbiere pabo gearwurkje."